Arjen Draaisma

In pear moannen (maanden) ferlyn (geleden) ha ik in petear (gesprek) hân mei de hear Arjen Draaisma, dy ‘t yn de Van Lidtstrjitte wennet. "It moaiste plakje yn dizze strjitte", sei er. Sa no en dan waard de keamer troch autoljochten ferljochte, as dy oer in ferkearshobbel ried. Draaisma hâldt fan de Fryske taal. Dêrfandinne, dat ik dit ferslach yn it Frysk skreaun ha.

Wie is Arjen

77 jier ferlyn waard hy berne yn Grins. Hy hat syn foarkar foar it Frysk fan hûs út mei krigen. Der waard yn è hûs Frysk praat en syn heit hie in soad Fryske boeken. Foaral skiednisboeken. Draaisma hat in taalknobbel, hâldt fan de Fryske skiednis en lêst graach. Emoasjes en fertriet belibbet hy yn it Frysk. Nei syn tsjinsttiid ferhuze hy nei Gersleat.

55 jier is hy al mei syn Jet troud, dy ‘t yn Bontebok wenne. Hja kamen te wenjen yn it hûs, dat by it Roomsk Katolike tsjerkhôf stiet. Hy hie wurk krigen by Batavus, mar waard dêrnjonken ek deagraver. Hy wie de ferantwurdlike man fan it hiele tsjerkhôf. Kûle grave, it gers meane mei de seine, de hagen knippe en de paden skoffelje.

Hûs yn de Van Lidtstrjitte

Op fersyk fan syn âlden naam Arjen kontakt op met de arsjitekt, dy ‘t de huzen yn de Van Lidtstrjitte bouwe soe. Syn each foel op it middelste hûs fan in blokje fan trije mei útsicht op de Rottumerwei. Hy hat de hiele bou mei makke. Arjen en Jet krigen sân bern. "De bern hawwe in waarm nêst hân. En de partners fan de bern ek. Wy hawwe gjin oantroude bern", fertelde hy my.

Rinnend postkantoar

30 jier hat Draaisma by de post wurke. Yn it earst brocht hy de post rûn. Yn it bûtengebiet. Gersleat, Stobbegat (Vegelinsoard) en Rotstergaast. Hy wie eigenlik in "rinnend postkantoar". Hy hie postsegels by him, mar ek it AOW jild. Hy krige jild fan de boeren mei, om it foer by de moalkeapman te beteljen. Hy die de postbestelling op è brommer en letter yn in auto. De lêste 5 jier wurke hy yn it Postkantoar op it Burgemeester Kuperusplein. Hy folde de postbussen en stie yn it winkeltsje. Hy sortearre ek de post yn strjitten en wiken. Mei in soad nocht hat hy it wurk dien. Draaisma wie in fertrouwensman en siet yn de Tsjinstkommisje fan de PTT. De foarloper van de Ûndernimmingsried. Doe't hy 60 jier wie, koe hy de PTT ferlitte.

Frijwilligers wurk

In soad minsken kinne de hear Draaisma as riedslid fan de FNP. Hy wie al lid fan de pleatslike ôfdieling en folge in kursus Gemeentepolityk. Hy hat it de earste 4 jier goed dien, want by de ferkiezings hie hy mar tsien stimmen te min foar in twadde sit yn de rie!! 8 jier hat hy foar dy party yn de gemeenteried fan it Hearrenfean sitten. It wie in ienmans fraksje en dat wie dreech. Hy siet allinne yn ferskate kommisjes.

Hy hat ek by de bedriuwsbrânwar fan de PTT wurke as "pompbediende". By grutte brannen waarden hja soms oproppen om te assistearjen. Nei 21 jier naam hy as brânwearman earste klasse ôfskie. Hy hat him ek faak ynset foar syn buert. Doe ‘t de jongeren wat tefolle dienen, wat eigenlik net mocht, waard Draaisma frege om yn in wurkgroep sit te nimmen. Ek personiele problemen yn de Stoof waarden mei oplost troch de ynset fan dizze man. In stille wurker, dy't net op de foargrûn stean wol.

Archeologysk wurkferbân

Draaisma wie altyd al in stiper fan de Fyske Akademy. Benammen hie hy belangstelling foar it Archeologysk wurkferbân. Doe ‘t hy gjin baan mar hie, waard syn belangstelling foar dat wurk grutter. Hielendal, doe't hy in útnoeging krige, om mei te wurkjen oan in ôfgraving. Hy sei daliks ja. Syn earste projekt wie de terp fan Winaam (Wijnaldum). In heal jier hat hy dêr wurke fan 8 oant 5 oere. De fakken fan 4 by 15 meter waarden skaafd en alles wat sichtber waard, moast optekene wurde. De fûne foarwerpen waarden yn in sek dien, dy't ek in nûmer krige. Draaisma waard lyrysk, doe't hy oer in talúd fan in ôfgroeving prate. 100 meter lang en 3 meter heech. "It like wol in skilderij", sei er.

Draaisma wurdt frege, as der wegen. sleatten, fearten en wenningbou yn de planning steane. Foaral yn beskerme gebieten yn Fryslân is foarûndersyk nedich. Mei der wol as net wurk útfierd wurde? Sa wurket Draaisma yn hiel Fryslân. Hy hat oan it wurk west by de parkearkelder by de Aldehou yn Ljouwert, by in fuotbalfjild by de slús yn Starum (Staveren). Hy liet my sels makke foto's fan de parkearkelder sjen. Dêrop seach ik, hoe ‘t hy syn wurk die. Helm op en in skepke yn è hân. Sekuer skaafde hy stikjes grûn fuort. Yn waar en wyn. Yn droechte en wiette. In wyt ammerke neist him. Wat in grut projekt.

Mar ek tichter by hûs docht hy ûndersyk. Bygelyks foar de ferbouwing fan de Pauwenburg yn Oranjewâld. Ek it ferslach (mei foto's) dêrfan stiet yn syn boekekast. Oan de ein fan ús petear geane wy nei syn wurkkeamer op è souder. De lytse romte stiet fol mei Fryske, skiednis en archeologyske boeken, mappen, oardners mei ferslaggen fan de opgravings, doazen mei dia's, ensafuorthinne. Mar ek boaiemfynsten: foarwerpen, skerven, tegels (ek út It Hearrenfean), stiennen, kalken pipen en gaspen. Mei de detektor fûn hy ek munten en in fingerhuodsje út 1850.

As lyts jonkje hie Arjen Draaisma yn Grins al stiennen yn è bûse. Hy hat in soad oer archeology lêzen. En no jout hy sels lêzings oer dit ûnderwerp. Noch net sa lang ferlyn hat hy yn it museum Willem van Haren in diapresintaasje jûn.

Ik wol de buertferiening, Kempenaersstate en Marijke Hiem advisearje om Arjen Draaisma ris út noegjen om foar de bewenners fan dizze wyk wat oer syn grutte hobby te fertellen. De 3 oeren, dy't ik mei him trochbrocht ha, binne omflein.

Cees Tjeerdsma.

Bron: Verhalenbundel van Cees Tjeerdsma - In de schijnwerper

Klik hier voor de verhalenbundel van meester Cees Tjeerdsma.