Bijprate mei Alle Hof

Portret fan Cees Tjeerdsma-2007, geschreven in het Fries door Alle Hof.

Yn dizze rubryk wol ik ris in man nei foaren helje, dy't by in soad minsken yn it Hearrenfean in bekende ferskining is. As jo mei him prate wolle, set jo dan mar del yn in maklike stoel yn Marijke Hiem. De measte kâns, dat jo him dêr dan wol tsjinkomme. Hy fersoarget ûnder oaren foar de buert en Marijke Hiem de rubriken yn it krantsje "Middenkader": "Bedrijvigheid in de buurt en in Marijke Hiem" en "In de schijnwerper". Ik wie nochal wat nijsgjirrich nei syn driuwfear efter syn dwaan en litten. Wy praten ôf, dat ik yn in fraachpetear in portret fan him gearstalle soe en 18 maaie wie it sa fier. Under in bakje kofje mei keek ha wy in noflik petear hân. Wy begjinne by it begjin.

Wêr bist te wrâld kaam Cees?

Ik bin as boeresoan fan Harmen en Jeltsje op 5 oktober 1935 te Eastermar tusken de Burgumermar en de Leijen yn te wrâld kaam. Yn en nei de oarloch hie heit ek troukoetskes en letter waard hy molkboer. Ik ha 1 broer en 1 suster en ik ha eartiids in lyts broerke ferlern troch ferdrinking yn in grêft. Us heit en mem ha doe in medailjon mei syn hier meitsje litten, dy 't se oan har 98ste droegen hat. Op dit stuit draach ik dy rouspjelde op myn boesgroentsje fan myn frysk kostúm ûnder it folksdûnsjen.

Oplieding en Sollisitearjen

Hokker oplieding hast hân? Ik ha 8 klassen hân op è iepenbiere legere skoalle yn Eastermar. De skoalle soe opdûkt wurde…..Us heit siet doe ek yn è âlderkommisje. De juffer wie gauris siik en it haad moast dan de hiele kloft bern byelkoar sjen te hâlden. In hiele put. Dan waard de doar tusken de beide lokalen iepen set en dan moast ik sa jong as ik wie de oarder hâlde yn it oare lokaal. Ik wie doe al in ferlingstik fan it ûnderwiis. Gjin wûnder, dat ik doe ek yn it ûnderwiis gien bin.

Fan 1949 – 1953 ha ik nei de MULO yn Burgum gien. Dêrnei noch 5 jier nei de Kweekskoalle yn Drachten. Ik hie doe tagelyk de akte om haad fan in skoalle te wurden. Nei in wike fakânsje koe ik oan è slach oan è fryske proefskoalle yn De Rottefalle. Fan 1960 oant 1965 ha ik foar de klasse yn è Leeuwerikschool yn Ljouwert stien. Yn 1965 troude ik en waard haad fan è skoalle yn Ternaard. Dat waard in prachttiid. De beide soannen waarden dêr berne. It wie in fijne mienskip en ik koe my dêr útlibje yn it ferienigingslibben: dounsklup, toanielklup, gymnastykklup, ferieniging fan folksûnderwiis, iisklup, skriuwer kulturele ried, ens. Myn frou die de bibliotheek en waard de meioprjochter fan in boarterstún.

Fan 1971 – 1974 ha ik wer yn Ljouwert wenne. Ik waard haad fan in nije skoalle yn è wyk Bilgaard. Yn 1974 waard ik frege om te sollisitearjen nei it Hearrenfean. Oan è Kempenaer (de Halschool) waard in haad frege. Dat wie in prachtige 8 manskoalle mei in hânarbeidlokaal, in gymseal, in gemienskipsromte en in konsjerzje. Dy fasiliteiten hie ik yn Ljouwert net. (en nea krigen). De gearstalling fan è buert is troch de komst fan è bûtenlanners feroare en no is De Kempenaer in buerthûs mei bygelyks Caleidoscoop der yn.

Buertwurk

Fan 1976 – 1991 ha ik 15 jier lang buertwurk dien. (Eare) foarsitter west fan è Projectgroep Westindische Buert.Yntregraasje en leefberens fan è wyk befoarderje. Mei stipe fan in soad buertbewenners!!! Yn 1991 waard ik direkteur ôf en waard ik wer ûnderwizer (master) oant 1993 ta. Troch de efterútgong fan it tal learlingen moast der in learkrêft út en doe hat Cees syn finger opstutsen. Hy woe der wol earder út en twa jonge learkrêften namen syn plak yn. Dat sadwaande is er yn de âldens fan 57 jier mei "pensioen" gien. Mar doe pas kaam Cees Tjeerdsma yn it djippe! As wâldman wie er op syn bêst ûnder de minsken. Maklik yn è omgong, sosjaal. Dus koe er de earms mar útslaan en sa 't ik him besjoen ha, docht er dat ek hieltyd noch as frijwilliger. Dat is dúdlik syn hobby. Dêrom sil ik no marris dy hobby's op in rygje sette.

Hobby ien

Fan 1993 - 1997. Frijwilligerswurk by de sportstichting voor verstandelijk gehandicapten "Samen Onderweg". Direkt neidat hy út skoalle wie, hat hy ûnder lieding fan in kleurenarsjitekt (Louis de Boer) de kantine fan binnen skildere. It lewant waard giel farve en de balken read. It docht je wat nuver oan dy kleuren, mar it waard in prachtich gehiel, sei Cees. 4 moannen hat hy dêr mei dwaande west. It wie foar him in goede terapy. Hy wie de skoalle fergetten…. Hy hat 4 jier penningmeester west en wie moandeitojouns op è iisbaan. Jeen van der Berg waard syn opfolger.

Frijwilligerswurk foar de ANBO ôfdieling It Hearrenfean mei rom 1300 leden. Yn 1994 waard hy penningmeester/ ledenadministrateur. Hy is de mei-oprjochter fan it ôfdielingsblêd (Info=blad) en hat jierrenlang dêr de redakteur fan west. Hy docht no noch de ledenadministraasje en fersoarget de boekhâlding foar in âlde frou.

De ANBO hat in kantoarke yn Marijke Hiem. Doe't Cees en syn Pytsje dêr ris sieten te iten frege Jantien Annema oan syn frou , oft hja ré wêze soe om skriuwer te wurden fan Middenkader. Pytsje wurke doe net mear by de Hearrenfeanse Krante. Dat wie neat foar har. Mar Cees hie dêr wol niget oan. Syn earste bydrage wie 3 jier ferlyn: "In túngesprek mei Koop Hoekstra".

Hobby twa

Sport! Kuorbaljen by DOW te Eastermar en letter by Blauw Wit yn it Hearrenfean. Sekretaris fan è ôfdieling Fryslân fan it KNKV en foarsitter fan è ôfdielings jeugdkommisje. Dat hat him it eareteken oplevere fan it kuorbalferboun. Bestjûr Blauw Wit. Opdracht : in wikeliks ferskinend klubblêd opsette. Letter foarsitter west as opfolger fan dokter Johannes Eppenga. By syn ôfskie waard hy earefoarsitter.

Hobby trije

Toaniel. "Proffessional" by it selskip fan Tsjip de Vries (in broer fan Tetman en Jarich) en Riek Landman mei as boppeslach it stik "In Heidepyk". De âlderen ûnder jim wol bekend, tocht ik. 103 kear opfierd. Cees hat der in auto fan oerholden. Net sa min dus! Kabaret WestYndyske buert. Lieding, spiler en in soad wille. Cees har foar al syn skewielen yn 1995 "de zilveren pepernoot" fan Sinterklaas krigen. Dat wie in hege ûnderskieding fan de middenstânsferieniging H O V foar immen, dy 't in soad frijwilligerswurk docht.

Hobby fjouwer oant sân

  • 4. Mei syn frou Pytsje is hy lid fan Tjongerskotsploech yn frysk kostúm en lid (en skriuwer) fan de folksdûnsklup fan de Fryske Krite. Fansels ek wer mei syn frou Pytsje. Wat oars!
  • 5. It sammeljen fan Nederlânske postsegels. Is lid fan de postsegelklup.
  • 6. Cees is ek fakkefuller yn in súpermerk yn Eastermar. De doarpsmienskip hie/hat der belang by dat de middenstân yn it doarp bliuwe kin. In euvel dêr't in hiel soad doarpen mei sitte. As frijwilliger is hy dêr 2 kear yn è wike yn it spier. (sûnt 1992 hawwe Cees en Pytsje in steankarawan op in kamping yn dat doarp). Op frijwillige basis wurdt ien en oar dien, geweldich!
  • 7. Fierder is Cees ek as frijwilliger in sprekker op kremaasjes en begraffenissen. Hy fertelt dan it libbensferhaal fan de ferstoarne. Dat docht hy foar ynwenners fan Eastermar, mar ek fan it Hearrenfean. Dit is gjin hobby fansels, mar it liket my dochs wol in swiere ta.
  • Hobby acht

    Yn 1964 krigen Cees en syn broer Wilco fan syn heit en mem is stik lân fan 10.000 m2, dat oan de mar de Leijen leit. It is allinnich geskikt foar deirékréaasje. 1000 kante meter is as in "gazon", de oare 9000 kante meter wurdt beweide troch in boer mei skiep. Sjoch en dit hie myn measte ynteresse. Net sa moai fan my, wit ik, wit ik, mar ik seach it hielendal foar my. Nei in drokke wike je deljaan en ta rêst komme, de holle leech meitsje, wat yn è sinne lizze en wat lêze, midden yn è natuer om it berteplak hinne yn it leaflike Fryslân! Moai sein watte! No moast net eigenwiis wurde Alle. Alhoewol. Ik soe daliks oan it streupen slaan, op iel peure oan de kant fan in reidkraach. Dus net sa geskikt foar my. De wetterplysje soe my gau te grazen nimme.

    Cees rekke yn 1986 oerspand. Yn dizze omjouwing hat hy syn genêzing foun!!! Efkes in foarfal fertelle. Pytsje en Cees kamen ris oantuffen yn harren toerboatsje mei in 20 PK moter. Doe seagen se in tinte stean op harren groun en dat mocht net, want it is privéterrein! Mei dat se dêr oankamen, seagen se in pearke spierlikenneaken út è tinte kommen! Harrejakkes! Cees hat harren de gelegenheid jûn om wat klean oan te lûken. It pearke hat hiel fatsoenlik harren ekskús oanbean en hat ek noch frege, at se ek lizjild betelje moasten. Cees sei tsjin Pytsje, dat se better "dekjild" betelje koenen…. Dizze grap woe ik jim net ûnthâlde. Wier bard. Sorry Pytsje. Sorry Cees.

    Op myn fraach fan: "Hoe leaf is Pytsje"? sei Cees: "Pytsje jout my alle gelegenheid om myn frijwilligerswurk te dwaan. Se wit hoe belangryk it foar my is. Se seit wol, dat sadré it argewaasje jaan soe, ik der dan yn har eagen mei ophâlde moat. En dat doch ik ek!"

    Oant ein fan dit portret: As wy sa it libben fan Cees Tjeerdsma besjogge mei it in wûnder jitte, dat se dizze man fergetten ha in lintsje te jaan. Hoe soe Trix dat hân ha sizze je!

    Alle Geart Hof.

    Bron: Verhalenbundel van Cees Tjeerdsma - In de schijnwerper

    Klik hier voor de verhalenbundel van meester Cees Tjeerdsma.